Wethouder van sport Caroline de Pee van de gemeente Waedhoeke reikt 28 maart de gemeentelijke sportprijzen uit aan sporters en vrijwilligers die een uitzonderlijke prestatie hebben neergezet. Onder de genomineerden ook een aantal uit de kaatswereld.
De ‘kaatsgenomineerden’ zijn :
Sporttalent 2017 :
Fiera de Vries (15 jaar) uit Sexbierum, Wallball en kaatsen, De Twa Doarpen D.I.O.S Sexbierum-Pietersbierum
Sporter 2017 :
Marrit Zeinstra uit Peins, Wallball, KNKB
Hendrik Kootstra uit Minnertsga, kaatsen, KNKB
Vrijwilliger 2017 :
Gerrit Monsma uit Tzummarum, contactpersoon KNKB en Federatie Barradeel, vrijwilliger kaatsmuseum, biljarten, Tzummarum
Karina de Vries uit Berlikum, vrijwilliger bij gymvereniging Berlikum, MudRun, kaatsvereniging, Berlikum
De sportprijzen worden uitgereikt op woensdag 28 maart om 19.30 uur in het gemeentehuis van Waadhoeke. Iedereen is hierbij welkom.
Jan Dijkstra: 70 jier lid fan De Twa Doarpen
As de wyn om ‘e hûs gûlt en raast skik ik oan by Jan Dijkstra fan Seisbierrum. Jan waard berne op 3 desimber 1933 op it Heechhiem yn Seisbierrum en is ien fan Pieter en Nellie. Ja, sa wie dat doe. It earste wat de minske ommers altyd freget: ‘Fan wa bisto ien’?
No, Jan is ien fan Pieter en Nellie Dijkstra en hy kaam út in grut gesin. ‘Wy wienen mei ús fjirtjinnen, bern wol te ferstean, dêr kamen heit en mem noch by. Mar dat wie doe net sa gek. Jan Nauta hie der achttjin en by Rinze Leistra (it kanon) sieten der ek fyftjin om de tafel. Gerrit wie de âldste en ik siet yn it midden. (Foto's: Boppeslach).
De priis foar de moaiste tún by 200 jierich bestean goed foar krapoan 4500 dollar!
As bern stean je der net sa by stil. Ik wit noch wol dat wy yn twa ploegen ieten en dat it net foar it opskeppen wie. Boppedat wie ik wat oars yn myn dwaan en litten. Dat kaam al rillegau nei boppen ta. Ik kom út in kristlik gesin mar hoe jong ik ek wie, ik hie der neat mei. Dat waard der net better op doe’t ik Minke tsjin it liif rûn.
Minke wie ien fan Willem van Zon. No, dan witsto it wol. Reade Willem van Zon wie in oertsjûge sosjalist en dat botste fansels mei myn grifformearde eftergrûn. Net by my want ik wie der samar klear mei. Ik hie der neat mei en ha oan’t de dei fan hjoed der ek nea spyt fan hân dat ik dizze stap eartiids makke haw.
Dat wie fansels doe in hiele stap. In grifformearde jonge dy’t it oanlei mei in read famke. Moast ien fan dyn eigen kleur sykje waard der dan sein. Net ien kear mar dêr hie ik gjin boadskip oan. It hat in goeie kar west want wy binne noch altyd byelkoar!
As jonge haw ik in bulte keatst. Op’e finne hie Seisbierrum in prachtich keatsfjild. Smûk tusken de huzen yn. Der wie oars ek net safolle dus gongen je te keatsen. Us heit hie der neat mei en ik kin my ek net herinnerje dat hy ea efkes om ‘e hoeke sjoen hat as der keatsen wie. Sjoch, ik bin berne yn 1933 en doe wie der noch net in CFK. Je keatsten meielkoar en fan kristlik keatsen hie noch nea ien heard. Dat waard oars doe’t de kristlike bûn oprjochte waard.
Doe waard it oars… hjoeddedei soenen je sizze: der kamen kampen! Ik hearde dan wol by de kritsliken mar dêr wie ik gau klear mei. Kaam by dat ik net op snein keatse mocht. Dat botste. Ik woe keatse wannear ‘t ik dat woe. By Minke thûs lei dat gâns oars. Dêrom wie ik der, hoe jong ik ek wie, samar út. Ik woe keatse en dêrom waard ik lid fan de Twa Doarpen wêr’t Klaas en Jappie Klazinga, Willem van Zon, soan Wimpie, broer fan Minke ek keatsten. Mar dan moast ik wol lid wurde en dat wie net samar klear. Ik kaam fan de oare kant om samar te sizzen. Wie ien fan de fjirtjin fan Pieter en Nellie!
Ik wit noch as de dei fan juster dat ik nei de Harmonie moast wêr’t Bantema it foar it sizzen hie. Op in gearkomst fan de Twa Doarpen moast ik foar de ‘hege’ hearen ferskine. Alde Doekle Banning wie foarsitter. Fierder sieten om ‘e tafel Teatse Fennema, broer fan Piet Fennema de hynstekeapman, Brouwer de man fan de Molkfabryk, grut boer Jan Landstra en ik leauw dat Jan de Jong fan Pitersbierrum ek oan de tafel siet. No, dat wie wat!
Sjoch, omdat it noch net sechstjin wie koe ik net lid wurde fan de CFK. Dus dat koe net in beletsel wêze. Mar goed der waard my wol sein dat ik nea wer foar de kristliken keatse mocht as ik lid waard fan de Twa Doarpen. No, dêr koe ik my wol yn fine. Ik ha fan dy tiid ôf ek nea wer foar de kristliken keatst. It wie de tiid dat ik keatste en fuort gong te keatsen.
Ik koe aardich meikomme sûnder út te blinken. Jappie en Klaas Klazinga en Wimpie van Zon stiene wat heger op ‘e keatsljedder. Ik ha in pear kear op ‘e list stien foar de Twa Doarpen. Haw op ‘e Jong Nederlân keatst mei ûnder oaren Jappie Klazinga en as ik it noch goed ha gongen wy der yn de tredde omloop ôf tsjin Harns mei Heero Bultje. Dy koe der wat fan sawol op as njonken it fjild. Piet Schuil siet ek yn dat partoer en syn ballen rûnen hurd mar as ik se heal rekke dan fleagen se al boppe. Mar meastentiids wie hy my de baas.
Ach, jonge wat is dat lang lyn! Foar dat ik nei Amerika gong haw ik yn 1955 by it 50 jierig bestean noch in sulveren medaille wûn by it doarpskeatsen. Skoanheit Willem van Zon wûn ek de priis yn syn klasse en Minke hat de beide medailles beware. By Minke thús hienen hja folle mear mei keatsen as by ús thús. Heit wie hjerring fisker en hat my nea keatsen sjoen. Dat ik oerstapt bin nei de grauwen hat it ek net goed dien fansels.
Minke: wie ien fan reade Willem van Zon
Sjoch, Minke har pake wie ek in Pieter Dijkstra en dy hat hiel knap keatse kinnen. Hat sels op ‘e PC in preemje wûn. Minke wit der ek net folle fan. Der waard troch harren mem net folle oer sein. Wêrom witte wy net. As je no werom sjogge is dat spitich. Minke wit wol dat harren beppe betiid ferstoarn is. Pieter stie der doe allinnich foar en it gesin is doe út elkoar fallen. Sa gong dat yn dy tiid. Minke: ‘mem woe der faaks net oer prate.’
Asto fjirtjin jier bist moast al oan it wurk. ‘Ja , dat wie doe sa! Net te folle eamelje en seure mar oan de slach. Ik kaam út in grut gesin en der moast wol wat fertsjinne wurde. No, dat waard de boer fansels. Oars wie der ek net safolle. Ploegje, wjudzje, blokje slaan, bite fertinje fan moarns ier oan jûns let. Yn ‘e simmer yn it flaaks en yn it hea. Moaie tiid mar ik woe doe al wat oars.
It hâlde hjir doe ek net oer en de tiid feroare ek. Boeren dy’t eartiids in man of tolve of noch mear oan it wurk hienen, hienen minder arbeiders nedich omdat de trekker harren plak oer naam. Der kaam hjir gâns minder wurk en de minsken gongen nei de Hoogovens, Noard-East Polder of de minen yn Limburg. Der wie hjir gjin takomst foar my.
Ik hie kunde oan Piet Fennema, dy’t noch foar Winaam keatst hat, en ik woe wol nei de oare kant fan de tobbe. Dy kâns wie der omdat der rom 25.000 minsken yn it jier talitten waarden yn Amearika. Ik leauw dat ik trije jier op ‘e list stien haw en doe koe ik der hinne. Ik haw nea twivels hân. Yn 1956 bin ik ôfstutsen en ik kaam der de moandeis oan en de woansdeis wie ik al oan it wurk. Dat wie wol efkes wenne want ik kaam by in grut boer mei wol hûndert kij en dêr waard doe al masinaal molken.
Prizen by 50 jierich bestean fan de Twa Doarpen
Dat koenen wy hjir net. Hjir molk ik noait mear as in kij of stien en allegearre mei it hantsje. It wie foar my wol efkes skrikke mar lang neitinke wie der net by. Der waard ek net nei frege. Ier en betiid op en jûns let klear. It wie de tiid dat ik der noch allinnich omstapte. Minke hie der perfoarst earst gjin betrouwen yn en hie de papieren net klear doe’t ik nei de oare kant gong. Mar seis moanne letter kaam hja ek nei Connecticut.
Sjoch, myn broer Gerrit hie as earste de stap setten en letter soe ik ek noch mei him gearwurkje. Letter binne myn bruorren Bennie en Piet dizze kant ek noch út kommen. De lêste twa wenje der no noch en binne mar ien as twa kear werom west. Gerrit is dêr koartlyn ferstoarn. Dy is hjir nea wer west. Sa giet dat.
Sjoch, foardat wy nei Amerika kamen wienen twa omke’s fan my der al. Mar hja ha nea lûd jûn doe’t ik der graach nei ta woe. Sa giet dat faak. Blykber wie de stap dy’t ik setten hie om mei Minke te trouwen foar harren in brêge te fier. Blykber die ik der net mear ta…
Mar goed neidat ik in jier as acht yn de kij omslein hie koe ik wurk krije op in ‘Estate’ sis mar in hús mei krapoan 124 keamers. Myn wurk waard de tunen en alles wat der by hearde te ûnderhâlden. Boppedat begûn ik om acht oere en nei fjouweren wie ik klear. Ik kaam fan de hel yn de himel op sa mar te sizzen. Ik wist net wat my oerkaam. It wie it begjin fan in prachtige tiid. Minke krige wurk yn de waskerij en wie harren eigen baas. Boppedat wienen de sinten goed! Dit libben wie ik net wend.
Middeis om fjouwer oere klear…dus begûn ik mei oaren saken. Túntsjes, sis mar tunen by de tiid hâlde fan de bewenners rûnom it landgoed. Dat rûn as in trein en ik pikte der moai wat by. De fertsjinsten waarden hieltyd grutter en myn fêst wurk hong my feitlik as in bongel om ‘e poat. Nei in skoft bin ik foar mysels begûn en dat wie it aai fan Columbus om samar te sizzen. Ik krige sa folle wurk en koe ek minsken oannimme.
It hiele jier wie in drokte fan belang. Simmers de tunen, winters de krytsbeammen en as de winter hjir wiidweidich om him hinne sloech dan wie ik op ‘n paad mei fjouwer trucks om de diken snie frij te hâlden. De grutste klapper makke ik yn 1976 doe’t ik by it 200 jier bestean fan Amearika de earste priis wûn foar it oanlizzen fan in grutte tún.
Ik hie der in jier oan wurke mar de priis goed 4500 dollar wie ek foar my. Dat wie yn dy tiid in slompe jild. Dat foar in jonge fan it Heechhiem! Doe’t ik yn 1983 50 waard fûn ik it wol moai west. Ik woe net mear altyd oan it wurk wêze. Wy hienen it goed dien yn Amearika en doe kaam it beslút om hjir wer hinne te gean. Wy wienen doe noch op in leaftiid dat je noch feroarje koenen. Of je bliuwe wêr’t je sitte of je gean wer werom nei Fryslân. Dat lêste ha wy doe dien.
Mar tuskentroch binne jimme dochs hjir ek wol west is it net?
Ja seker. Rûnom de PC ha wy 23 kear de oerstek makke. Sjoch, ik wie dan wol oan de oare kant mar de leafde foar it spultsje is der altyd bleaun. Dat jildt ek foar Minke. Wy makken der dan in moaie fakânsje fan, fan sa’n trije of fjouwer wike. Ien kear binne wy hjir wol sân wike bleaun omdat it hjir doe sok prachtich waar wie. Wy koenen dat dwaan omdat it wurk yn Amerika yn fertroude hannen wie en alles syn gong gong.
Dat binne tiden dy’t je nea wer ferjitte. Foar Minke har heit wie de PC ek in hichtepunt fan it jier. Hy, de man dy’t yn de krisisjierren gjin jild hie foar in kaartsje en efter it stek moast om wat te sjen wie betiden út de skroeven as hy op it Sjûkelân stie. Yn ‘e pauze moasten se by wize fan sprekken omrôpe litte oft Van Zon syn plak wol wer ynnimme woe. Dat wie nochris in leafhawwer!
Nei it werom kommen út Amerika ha ik in jier neat dien. Mar nei in jier begûn ik my te ferfelen en doe ha ik noch in mannich jierren by Westra en Hettema wurke. Ik ha in soad oplutsen mei Pieter Goodijk. Ik gong wat by de boeren lâns en hie in soad stipe oan Pieter. Mar ik tink nei in jier as 5 fûn ik it wol genôch en ha wat dien wat wy leuk fûnen.
Komst noch wolris by it keatsen? Ja wis, mar it binne net safolle wedstriden mear wêr ‘t ik kom. Minke kin troch har sûnens net mear mei en ik behein it no ta Seisbierrum, Frjentsjer en de PC. Doanjum hearde der ek by mar dat is no ek dien wurk. Spitich! Yn 2003 ha de winners fan de PC fan my noch in presentsje krigen nei oanlieding fan harren winst. 100 dollar de man en in medaille. Dat fûn ik moai om te dwaan. Sa haw ik De Twa Doarpen ek noch twa kear fan nije linen foarsjoen.
Ik seach dat Arum sokke moaie linen hie en doe tocht ik dat is ek wol wat foar de Twa Doarpen. Sa giet it faak. Sjoch, it koe miskien net oars mar ik wie tsjin de fúzje. Dat bin ik noch altyd. Ik hie dat oare efter my litten en fûn dat dat moai sa bliuwe moast. It wienen myn minsken net mear…snapst!
Mar ik bin wol lid bleaun ek yn de tiid dat ik oan de oare kant siet. It sille der fêst noch wol mear wêze dy’t 70 jier of langer lid binne mar ik fyn 70 jier in hiel skoft!
Foto's : Boppeslach, Tekst : www.kaatsen.nl (Jan Braaksma)
Ben je 7-, 8- ,9- of 10 jaar?, dan heb je geluk
Op vrijdag 2 februari start de zaalkaatstraining in de gymzaal aan het Fliet.
Dus kom in beweging en geef je vóór woensdag 31 januari op, via de mail:desybell@live.nl , onder vermelding van :
Naam
Leeftijd
06 nr.van een van de Ouders
Bij voldoende animo starten Anna Ennema en Fiera de Vries in 2 groepen om 17 uur en 18 uur.
De kosten zijn 10 euro voor 10 keer, graag meenemen bij de eerste les.
Fiera de Vries en Corrie Kroondijk voor de 3e maal op rij Nederlands kampioen Wall Ball
Zondag 21 januari wisten deze dames (die afgelopen zomer in Spanje nog Europees kampioen in de -15 werden) ongeslagen het NK -17 op hun naam te schrijven. Ondanks dat ze alle twee nog maar 15 jaar zijn.
Net als in 2016 -13
2017 -15 mogen ze zich nu in 2018 bij de -17 een jaar lang Nederlands kampioen noemen.
Foto en tekst:Desiree Seerden
Succesvolle N.K Wallball voor jongens 11-
In sporthal de Trije is Remco Post samen met Jelvin Kaper uit St Annaparochie Nederlands kampioen wallball geworden.
In een bloedstollende finale werd met 11-10 gewonnen na een 7-10 achterstand. De verliezers ronde werd met overmacht gewonnen door Stijn Scheffer en Nick van der Walt.
Allemaal van harte gefeliciteerd jongens.
Foto 1 en tekst : Alexander Post Foto 2 : Henk Haar (KNKB site)
Concept Beleidsplan KNKB 2018-2020
Eind van deze maand en in de maand Februari zullen er weer een aantal Regio Ledenberaden gehouden worden op een aantal plaatsen.
Zaken die dan behandelt zullen worden, zijn onder andere het Concept Beleidsplan KNKB 2018-2020
Jongens en Meisjes kaatsen vanaf 2018 ook met de 'nieuwe' handschoen
De 'nieuwe' handschoen welke sinds 2015 op de velden is bij de Senioren en sinds 2017 bij de dames zal vanaf 2018 ook verplicht zijn voor de categorieën Jongens en Meisjes.
Nog niet in het bezit van dit type handschoen? 1 van onze licentiehouders kan een handschoen maken.
Hieronder vindt u een overzicht van de invoering van de nieuwe kaatshandschoen per categorie.
Aantal sponsoren kaatsmuur zet ook door in 2018
Inmiddels wederom 2 nieuwe sponsoren voor onze kaatsmuur. Het wachten is op hun logo's, zodat deze eveneens op de website geplaatst kunnen worden. Zij zijn inmiddels met hun spandoek aangebracht op de omheining van de kaatsmuur.
Alle kaatsmuursponsors waarvan hun logo is verkregen, kunt u vinden op onze website
Wilt u ook sponsor van de kaatsvereniging worden?
Geef u dan op!!
* Kaatsbalsponsor
* Kransensponsor
* Wedstrijdsponsor
* Advertentiesponsor
* Doeksponsor
* Kledingsponsor
4 jeugd muurkaatsers en 2 trainers uit Sexbierum actief in België, Zondag 07 Januari 2018
Alle deelnemers klaar voor vertrek
Marten Jansen, Alwin Boschma, Stijn Scheffer en Fiera de Vries kaatsten mee. Kees en Pieter van der Schoot (en Tjisse Steenstra) trainers van Score waren mee
Om de kids te begeleiden en te coachen.
54 Nederlandse deelnemers aan het Young Open WallBall Single toernooi, in Huissingnies, Wallonia te België op zondag 7 januari 2018
Zaterdag 6 januari was het zover. Om 13.00 uur vertrok de Dalstra bus en nog een aantal auto’s met spelers en ouders van uit Menaldum naar België, om daar zondag mee te kunnen doen aan de Young Open Wallball Single.
Leden van Stichting Score had massaal gehoor gegeven aan de uitnodiging van onze Belgische muurkaatsvrienden aan dit uitstapje, georganiseerd door Killshot samen met Geert Vandervelden.
Er zou gespeeld worden in de -7 -9 -11 -13 -15 -17. Behalve in de -7 deden er in elke leeftijdscategorie Nederlandse spelers mee. Met elkaar sliepen we in een hotel in Doornik. Na een reis van 5 uur met een tussenstop van een half uur kwamen we daar rond 18.30 uur aan. De kamers werden verdeeld en rond 20.00 uur konden we daar met elkaar aan de warme maaltijd. Het eten was prima in orde. Aangezien het eten nog al wat tijd in beslag nam, konden we helaas niet zoveel ronden Bingo spelen. Simon had alles thuis goed voorbereid en zowel voor de kids als voor de ouders leuke prijsjes mee genomen.
Na een korte nacht voor iedereen was er om 07.30 uur het ontbijt de bus zou rond 08.50 uur naar de sporthal vertrekken. Het was nu ongeveer nog een klein halfuurtje rijden naar de sporthal, waar wij ons om 09.30 uur moesten aanmelden. Het was een zeer geslaagde maar lange dag. Er werd goed gestreden om de prijzen. Iedereen kreeg in ieder geval als aandenken een leuke Killshot pet. Er werden door heel veel Nederlandse kinderen prijzen mee naar huis genomen.
Marten wist het van de sterke Mark Minnesma te winnen helaas net voor de prijzen er af maar super goed gekaatst.
Stijn heeft ook geweldig zijn best gedaan maar ging helaas ook zonder prijs naar huis.
Alwin leek even heerlijk in zijn ritme te zitten en wist een aantal partijen naar zich toe te trekken maar kwam helaas net te kort om op het ere podium te komen.
Fiera wist zowel in de -15 als in de -17 een prijs te pakken.
Ze werd 2e in haar eigen leeftijds categorie – 15
En 1e in een categorie hoger -17
Kees en Pieter hebben met hun enthousiasme en kijk op het spelletje de Sexbierumer jeugd door hun coaching goede ondersteuning gegeven.
Rond 18.30 werden de laatste prijzen uitgereikt en om 19.00 konden we met elkaar met een voldaan gevoel terug naar Nederland. Na een tussenstop van een half uur bij de Mc Donald’s kwamen we om 00.30 weer aan in Menaldum vanwaar ieder zijn eigen weg weer kon gaan. Gelukkig hadden de meeste kinderen maandag nog vrij en de kinderen die niet vrij hadden hebben vast prestatie verlof gehad, want gepresteerd is er zeker door iedereen! Een dikke pluim voor de organisatie maar ook zeker voor de kinderen en hun ouders. De saamhorigheid was geweldig.
Zondag 21 januari is het jeugd NK Wallball dubbel in de Trije in Franeker. Ze hebben dus met elkaar even lekker kunnen oefenen. En hopen dat er op het NK ook weer zoveel kinderen meedoen!!
Foto's en verslag : Desiree Seerden
Gezocht: Jeugdscheidsrechters m/v
NIEUWE ENTREE SPORT ACCOMODATIE
Afgelopen 2 weekenden is er door vrijwilligers van de zowel de KV de Twa Doarpen-D.I.O.S. Sexbierum-Pietersbierum als AVC keihard gewerkt aan de entree van onze Sport-accommodaties.
Het geheel moet nog worden aangekleed,maar het is al een enorm stuk opgeknapt.
AVC bedankt voor de prettige samenwerking en de prima organisatie.